Iepenloftspul Jorwert - Nijs
Iepenloftspul Jorwert - Nijs
Iepenloftspul Jorwert - Nijs
Iepenloftspul Jorwert - Nijs
Iepenloftspul Jorwert - Nijs
Iepenloftspul Jorwert - Nijs
Iepenloftspul Jorwert - Nijs
Iepenloftspul Jorwert - Nijs
Iepenloftspul Jorwert - Nijs

Nijs - 2006

De Kloklieder fan Nij Daam
Freed 15 febrewaris

De Kloklieder fan Nij Daam

Yn 1953, dit jier 60 jier lyn, waard yn it lytse Fryske doarpke Jorwert in iepenloftspul organisearre. Mei dit iepenloftspul, ‘De Klokken fan Jorwert’, waard elkenien betanke dy&rsquo...
Freed 1 desimber

Tjerk Kooistra oan de bûtenwrâld presintearre

Op de parsekonferinsje is hjoed ús nije spullieder Tjerk Kooistra oan de bûtenwrâld presintearre. Út it parseberjocht: Tjerk Kooistra is in bekend gesicht yn it Iepenlof...
Snein 15 oktober

Slotjûn yn styl ta beslút fan Alles út

 Op de boppeseal fan it Wapen van Baarderadeel wiene alle spilers en omtrint elkenien oars dy't meiwurke hie, noch ien kear by elkoar om in punt te setten achter in memorabel seizoen. De ien...
Sneon 23 septimber

Noch ien kear flamje

Apoteoaze Noch ien kear flamje, noch ien kear geniete, noch ien kear Alles jaan foardat Alles út giet. Dat wie de ynset en opdracht foar de lêste foarstelling fan 2006. Waard de prem...
Freed 22 septimber

ôfskie mei ekstra autentyk aksint.

Nei al de prachtige jierren dêr't er him as regisseur dan wer de Belgyske kening by Tijl Ulespegel, dan wer opperboskwachter fan Arkadië (Midsimmer-nachtdream), dan wer fiskerijkonsuli...
Woansdei 20 septimber

Opjage sebra

'Hjoed ha 'k de hiele dei it gefoel fan in sebra, dy't opjage wurdt troch in roedel wolven,' sei ien fan de spilers oan it begjin fan de frouljusjûn. Mear as sânhûndert froulju ...
Tiisdei 19 septimber

Hot Metal website

Spesjaal foar it ienmalige optreden op de frouljusjûn hat HotMetal in eigen webside iepene. Moedigje de mannen oan, laad se op foar de sjo, reagear op www.hotmetal.nl!
Snein 17 septimber

Hilaryske mo(nu)minten

Publyk is nuver guod. Grillich, ferrassend, fernuverjend. As Jerry en Dave troch it húskerútsje de klup ynkomme, logysk dat der lake wurdt. As de dames hearen imitearje yn de Hearen...
Sneon 16 septimber

De logistyk achter de skerms

Wa hat op sa'n noflike, licht rûzige freedtejûn mids septimber op de grôtfolle tribune yn de rekken hoe't it is om in film te spyljen. Alles rint ommers as it spoar en de s&ecir...
Tongersdei 14 septimber

De wet fan Murphy

 It moaie fan technyk is dat it omtrint ûnbegrinzge mooglikheden jout. It ferfelende is dat dat ek yn it negative jildt: Alles dat fout gean kin, giet in kear mis! Dat fenomeen stiet b...
Woansdei 13 septimber

Indian Summer

Soms sit it tsjin (fjirtjin dagen lyn op tiisdei moasten wy twa kear ûnderbrekke fanwege in kâlde reinbui) en soms rint alles mei: Justerjûn wie it werklik waar as side. De foar...
Snein 10 septimber

Yn 'e wyn op

Wy spylje jûn in bytsje yn 'e wyn op, warskôge Romke by de notes. Alle kearen wer om kertier oer achten wurdt de foarstelling trochnommen. Lytse dinkjes feroarje: Jildou/Betty, jou de...
Sneon 9 septimber

De lûden fan de nacht

Op sa'n stille jûn komme de lûden fan de nacht troch. Sommige binne dúdlik: de tsien oere klok, trein fan healwei alven. Mar wat wie dat wat jankende, skuorrende lûd yn d...
Tongersdei 7 septimber

Rein op de tinte

Wat is der moaier as de fjirde foarstelling spile te hawwen yn in soele en stille neisimmerjûn en dan om tolve oere nachts eefkes de rein op de tinte te hearren! Rôp der ferline jier ...
Woansdei 6 septimber

'Wa wie dat no, ju, dy ynfaller?

Ik soe it yn it boekje opsykje moatte, ik ha der gjin erch yn hân.' Sa gong it alle besikers dy't 'Alles út' justerjûn foar it earst seagen. Ynsiders misse Sjoerd, mar se ha de...
Tiisdei 5 septimber

Heechspanning

Sneintenacht nei de foarstelling is daliks oerlein hoe't it fierder moast. Der wie eins mar ien oplossing: Oane Swart moast de Eddy-rol fan Sjoerd oernimme. Dêr komme noch wer in pear fersk...
Moandei 4 septimber

Fan de earste claus:

Fan de earste claus: Eddy Girard, Eddy Girard, ... oant syn lêste: Mannen, as ik nerveus bin, dan sit der in stik minder slinger oan..., wie Sjoerd van Beem ien brok beweging en enerzjy. Ek...
Snein 3 septimber

Hoe liket it?

Rein kertier foar alven It beslút om al dan net te spyljen moat om fiif oere hinne nommen wurde. Wat kinne je dan noch oeren nei de loft rinne te sjen. Hoe liket it? Sil de foarspelde rein...
Sneon 2 septimber

Premiêre kriget syn fertsjinne waar!

"Ik laitsje net gau lûdop, mar no lake ik my bytiden ûnder de banken! Wat in foarstelling!" Samar ien fan de reaksjes justerjûn op de libbene premiêre út ...
Tongersdei 31 augustus

Wêr komt The Full Monty wei (2)

Wêr komt The Full Monty wei (ferfolch fan 29-8) Alle neamde opsjes binne grif te fier socht, mar der binne twa dy't safolle oangripingspunten hawwe, dat wy se serieus besjen moatte: 1. Fjil...
Woansdei 30 augustus

Optimaal publyk justerjûn

Optimaal publyk justerjûn (en deskundich). Yn it foarste plak wie it bepaald in frouljusjûn, mei dy meiwurkers fan soarchgroep Plantein (Ielannen, Bloemkamp, Finke, Flecke en soarchwe...
Tiisdei 29 augustus

Wêr komt de term 'the full monty' wei?

 De earste tekst dêr't er yn oerlevere is, datearret fan 1987 yn in boekje oer de street-language fan Coronation Street. The full monty soe dus noch pypjong wêze, mar út m...
Snein 27 augustus

We want more...

Soms ha je eefkes sa'n opkikkerke nedich, seit Horse as Jeannette syn gepiker oer de goede maten aardich relativearre hat. De foarstelling fan justerjûn wie ek in opkikkerke, wat sis ik, in...
© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert