kaarten

Heechspanning

Tiisdei 5 septimber

Sneintenacht nei de foarstelling is daliks oerlein hoe't it fierder moast. Der wie eins mar ien oplossing: Oane Swart moast de Eddy-rol fan Sjoerd oernimme. Dêr komme noch wer in pear ferskowingen achterwei, mar it is te dwaan. En nei in dei tekstleare en kleanpasse en ferklaaie stie justerjûn de hiele ploech wer om healwei achten klear om de oanpaste sênes troch te nimmen en de koreografyen te oefenjen en te repetearen. Koene je yn elts gefal wat dwaan om de teloarstelling fan de foarige nacht fuort te wurkjen. Jûn steane se der wer.

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert