2022 - De Jacht

Yn ‘De Jacht’ is de haadfiguer Lex sûnt in pear jier weromkaam nei syn bertedoarp en wurket dêr as skoalmaster. Sawol yn it doarp as op skoalle is elkenien mâl mei him. Hy is nei in turbul...
2021 - #Freonen?!

#freonen?! is in komeedzje oer de reüny fan in groep jonges Se wienen altyd byelkoar: Ap, Frâns, Freek, Wybe en Willem. Doe’t se jong wienen, hienen se in eigen romte makke yn it hok fan...
2019 - Stjer yn it tsjuster

Stjer yn it tsjuster is in tragysk-muzikale fertelling oer it libben fan Micha. Sy wurket dei en nacht yn in fabryk om in eachoperaasje foar har soan bekostigje te kinnen, sadat er net blyn wurde sil as er krekt sa &...
2018 - De famylje Bellier

Mei De famylje Bellier bringt Iepenloftspul Jorwert yn dit Kulturele Haadstêdjier in moderne klassiker op ‘e planken wêryn’t muzyk, humor, drama én fernijing in sintrale ro...
2017 - It Bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht

De grutte ynternasjonale teaterhit The Curious Incident of the Dog in the Night-Time spilet dit jier yn de notaristún. It Iepenloftspul Jorwert hat spesjaal foar dizze gelegenheid in eigen Fryske en op Frysl&aci...
2016 - Londen '68

In striid tusken de seksen It Iepenloftspul Jorwert fan 2016 spilet him ôf yn 1968, yn Londen. Rita O'Grady wurket, lykas in protte minsken út de stêd, yn de autofabriken fan Ford yn de wyk Da...
2015 - Augustus

Yn it stik komt it útinoar fallen gesin Westra nei it ynienen ferdwinen fan heit wer ris byinoar. Hoewol’t it in tiid fan rou en oertinken wêze moatte soe, ûntaardet it wersjen al gau yn r...
2014 - Maraton

Yn in âlde sloperij hawwe de eigener en syn fjouwer personielsleden it net botte drok. Se kaarte, sûpe bier en ouwehoere. Eigener Gerard fynt it lestich om ûnder eagen te sjen dat it minder giet mei d...
2013 - De kloklieder fan Nij Daam

Yn it trochsnee Fryske doarpke Nij Daam is der net jierliks in merke, mar fiere se ien kear yn de fiif jier in grut Lustrumfeest. It feest wurdt organisearre troch de lju dy’t alle toutsjes altyd al yn hannen haw...
2012 - De Goede, de Minne en de Lillike

Wy komme yn de kunde mei regisseur Meile dy’t mei syn spilersgroep in eigenskreaune western yn de iepenloft bringe wol. Hy docht syn bêst, mar hy hat mear each foar de froulike spylsters. Ek tusken de spile...
2011 - Bohemia

Bohemia is in tragikomeedzje oer de leafde foar de keunst en foar elkoar. It stik is ynspirearre op de ferneamde opera La Bohème en is troch regisseur Tjerk Kooistra en Jan Schotanus bewurke ta in eigen st...
2010 - It Feest

Heit wol syn fiifensechtichste jierdei net samar foarbygean litte. Hy pakt út mei in grut feest yn syn hús. It mei oan neat mankeare. Mar der leit in skaad oer de dei, om't de âldste dochter har in ...
2009 - Tuskentiid

Tuskentiid: de tiid fan it hjir en no ‘Tuskentiid’ (mei as ûndertitel: ‘je moatte der yn leauwe’) spilet him ôf om sinteklazetiid hinne, de tiid foar pakjes, gedichten en sûkel...
2008 - Jou my wjukken

It Iepenloftspul Jorwert brocht yn 2008 in eigen bewurking fan de populêre film 'As it is in heaven'. 'Jou my wjukken' fertelt it ferhaal fan de grutte Daniël Daréus, fioelist, mar ben...
2007 - Dûbele Nelson

De befrijdende krêft fan drama (Brecht), kriget in wol hiel nijsgjirrige útwurking yn dizze moderne tragikomeedzje út 2005. It bestean yn de bak komt yn in hegere fersnelling nei't de direkteur ...
2006 - Full Monty - Alles út

Alles út fertelt it ûntroerende en humoristyske ferhaal fan in tal ûntsleine stielarbeiders út it Ingelske Sheffield, dy’t, ynspirearre troch in optreden fan manlike strippers, in oplossing besykje te finen foar ...
2005 - Kabaret

It is it jier 1931. De Amerikaanske skriuwer Clifford Baker komt yn Berlyn om ynspiraasje op te dwaan. Hy hiert in goedkeape keamer yn it pensjon fan fraulein Schneider en giet op âldjiersjûn nei de KitKatK...
2004 - Op Hoop fan Segen

"Op Hoop fan Segen" is it oangripende ferhaal fan de see. Fan fiskerlju dy't geane, fan froulju dy't bliuwe. It is it toanielstik om de fiskerswiddo Kniertje Vermeer hinne, da't al mear as in ieu yn binnen- e...
2003 - Ik wol spylje!

Oarspronklike filmtitel: 'Shakespeare in love'. Ein 16e ieu. Viola de Winter, in rike keapmansdochter, wol graach toanielspylje yn in tiid dat dat foar froulju ferbean is. Se docht, ferklaaid as jonge, audysje by Willi...
2002 - De feint fan twa masters

Oarspronklike titel: 'Il servitore di due patroni'. In ûndernimmer út Venetië hat mei in keapman út Turijn ôfpraat dat dy syn dochter Clarice oer de keap hinne krijt. Mar der binne berjoc...
2001 - Utblaasd

Toanielbewurking fan de film 'Brassed Off' fan Paul Allen. Mei in folsleine brassband ûnder lieding fan Andries de Haan. It stik spilet yn Yorkshire, begjin njoggentiger jierren. De iene nei de oare myn giet tich...
2000 - Venetiaans Karnaval

Oarspronklike titel: 'La Vedova Scaltra'. De selsbewuste Venetiaanske widdo Rosaura di Bisognosi hat net te klaaien oer belangstelling fan manlju. Fjouwer karnavalfierders, in Ingelsman, in Frânsman, in Spanjoal,...
1999 - Zorba

Nei in roman fan Nikos Kazantzákis. 'Zorba' giet oer twa manlju, de net al te diedkrêftige yntellektueel Nikos en de libbensgenieter Zorba, dy't nei Kreta ôfreizgje om in âlde brúnkoalmy...
1998 - Slauerhoff & Jorwert

Lietteksen: J.J. Slauerhoff en Gerrit Jan Zwier. In teatrale ferbylding fan de relaasje dy't de dichter Slauerhoff mei Jorwert hie en fan de ynfloed dêrfan op syn fierdere libben en wurk. En hoe hawwe de Jorwerte...
1997 - Oliver!

Nei de roman 'Oliver Twist' fan Charles Dickens. It weesjonkje Oliver wurdt ferkocht oan in begraffenisûndernimmer. Hy naait út en komt yn 'e hannen fan boeven en heelders. Troch in wûnderbaarlik taf...
1996 - In Sinterske Opera

Oarspronklike titel: 'Die Dreigroschenoper', basearre op de 17e-ieuske 'Beggar's Opera' fan John Gay. Dizze opera fertelt it ferhaal fan bidlers en dieven yn it Londense Soho. De haadrol is weilein foar dieve-oanfierde...
1995 - Anatevka / in spylman op it dak

It doarpke Anatevka mei syn joadske en Russyske ynwenners leit yn 'e buert fan Kiev. It is it ferhaal fan Tevje en syn húshâlding. It spilet yn it jier 1905, doe't de joaden yn Ruslân allegeduerigen ...
1994 - Midsimmernachtdream

Bewurking: Jan Schotanus en Romke Toering. Dizze Midsimmernachtdream spilet yn de notaristún te Jorwert. Notaris Sjouke Nijdam riedt him ta op syn brulloft, dy't plak fine sil yn syn eigen tún. Ear't it s...
1993 - Myn leave Lyske

Oarspronklike titel 'My fair lady', basearre op 'Pygmalion'. De ferneamde taalgelearde Haaico Heerema freget him ôf wêrom't in frou net gewoan krekt as in man wêze kin en giet mei freon Allard Steensm...
1992 - In healegeare hear

Oarspronklike titel: 'Le Bourgeois-gentilhomme'. Yn dit 17e-ieuske stik besiket menear Jourdain, in rike mar ûnnoazele boarger, opnommen te wurden yn it fermidden fan de lju mei blau bloed en makket himsels op dy...
1991 - De bochel fan de Notre Dame

Nei de roman 'Notre Dame de Paris' fan Victor Hugo. It jonge sigeunerfamke Esmeralda stelt de herten fan alle manlju. Benammen de oars sa evenredige diaken Frollo rekket alhiel fan streek. Allyksa reitsje de doofstomme...
1990 - De tolfte nacht, of: Wat jo wolle

Oarspronklike titel: 'The twelfth night'. Sebastiaan en Viola, broer en suster, spiele nei in skipbrek oan op in eilân, mar witte fan elkoar net dat se de ramp oerlibbe ha. Viola ferklaait har as feint en komt as...
1989 - Don Camillo en de lytse wrâld

It stik lit in lyts tiidrekje sjen út it begjin fan de fyftiger jierren yn in doarpke yn it noarden fan Itaalje op it stuit dat de kommunisten de ferkiezings fan de gemeenterie wûn hawwe. Der ûntstie...
1988 - De Nepert

Oarspronklike titel: 'L'avare'. De nepert Harpagon is beseten fan jild. Hy is útstrûper yn ieren en sinen en syn jild seit him mear as syn libben, syn lok en syn bern. Syn dwaan en litten lokket fansels di...
1987 - De fleurige froulju

Oarspronklike titel: 'The merry wives of Windsor'. Oersetting: Romke Toering en Klaas Jansma, neffens Jonkman, Kalma, Burgersdijk en Kok. Sir John Falstaff útfanhûzet mei syn gefolch yn herberch 'De Postho...
1986 - Bommel en de Frisomanen

Ollie B. Bommel en Tom Poes komme yn oanrekking mei de Frisomanen, in striidber folkje dat oare minsken nei har hân sette wol mei in saneamde 'omfoarmer'. Twa boeven wolle dy omfoarmer stelle. De Frisomanen wurkj...
1985 - Sirkus Knie

It stik giet oer de noeden en de soargen fan de lytse sirkusbaas Karl Knie, dy't yn it begjin fan de 20e ieu tsjin de stream fan it opkommend bioskoopfertier oproeie moat. It sirkus hat grutte skulden en foar syn artys...
1984 - Don Quichot yn Fryslân

Oarspronklike titel: 'Don Quichot in Brabant'. It is de tiid fan de tachtichjierrige oarloch. De tsjerke leit letterlik yn pún. De pastoar is duiteteller ynstee fan sielehoeder. It folk siket syn heil yn û...
1983 - Bombaarje om Bombaarje

Skreaun yn 'e 16e ieu nei de komeedzje 'De bluffer' fan Plautus. Oarspronklike titel: 'Ralph Roister Doister'. In tradisjonele klucht mei stereotype manljusfigueren as de domme ophakker dy't mient dat alle froulju efte...
1982 - Tijl Ulespegel

Nei de Flaamske 'Tijl' fan Charles de Coster, bewurke foar toaniel troch Jan Naaykens en oerset en nochris bewurke troch Tabe Beintema. Hy hat der tweintich lietsjes ynskreaun, neffens ideeën fan regisseur Romke T...
1981 - Heit dêr leit in lyk

Nederlânske titel: 'Kaviaar of Spaghetti'. Papagetto, in Napolitaan mei filosofyske en artistike oanstriden, draaft alderhande djoere resepsjes ôf om oan 'e kost te kommen. Hy rjochtet ek in komitee fan goe...
1980 - Dûnsjende dieven

Oarspronklike titel: 'Le bal des voleurs'. Tema fan it stik is de ûnmacht fan de minske om him yn it libben te fermeitsjen en himsels te wêzen ynstee fan in rol te spyljen. De lokaasje is in Frânsk st...
1979 - Rûzewyntsje

Oarspronklike titel: 'Is liefde blind?' In mearke dat hjir yn in tiid pleatst is dat prinsen yn in helikopter út 'e beam nei ûnderen kamen, riedshearen op 'e motor te jeien gienen, hoftsjinners har tiid fe...
1978 - Fanfarella

Fanfarella, of: Hjir is noait hwat to rêdden It stik spilet yn in lyts Italjaansk doarpke, yn 'e jierren dat der noch duellearre waard en fammen yn in kleaster stoppe waarden om fan 'e leafde ôfholpen te wu...
1977 - De boargerman-edelman

Oarspronklike titel: 'Le Bourgeois-gentilhomme'. Yn dit 17e-ieuske stik besiket menear Jourdain, in rike mar ûnnoazele boarger, opnommen te wurden yn it fermidden fan de lju mei blau bloed en makket himsels op dy...
1976 - Amor by 't ammerfol

Oarspronklike titel: 'Paris of: Spot niet met de liefde'. De skiednis fan in rike widdo dy't har trije dochters oan 'e man besiket te bringen om 1900 hinne, doe't bern noch nei de mem harken. Mar mem har plannen geane ...
1975 - Yn 'e wite guds

'Im weissen Rössl' foar it Iepenloftspul bewurke troch S. Kooijman. Lokaasje: Hotel 'Yn 'e wite guds', Salzkammergut. In fabrikant fan nylons sit tafallich mei de advokaat fan in konkurrint fan wa’t er in pr...
1974 - De Waeijer

It spilet foar in âlderwetsk bûtenhûs yn in Italjaansk doarpke. Candida tinkt dat Evaristo, dêr’t se fereale op is, net fan har hâldt, om't se heart dat er in oare frou in waaier kad...
1973 - Harten is troef

Oarspronklike titel: 'Bonjour, Brigitte'. It spilet him ôf yn Eastenryk. Twa jonge froulju wolle fan herberch 'It Gouden Hart' wer in florissant bedriuw meitsje. Tsjin de wil fan de heit fan de iene, de kastlein ...
1972 - Yn 't eibertsnêst

It spilet yn Normandië, efkes foar de Frânske revolúsje. De soan fan in ealman is yn it geheim troud mei in frou sûnder stambeam. Hy hat ek al in bern, sûnder dat syn heit it wit. Sadwaand...
1971 - Op ’t kantsje ôf

Oarspronklike titel: ‘Tjonge, jonge... kiele, kiele’. De musical is foar ’t Frysk bewurke troch Tabe Beintema. Oer in ferearme ‘boemelbaron’, oer in stel like earme sibben mei in aristokra...
1970 - Lyk om lyk

In 'tige frije forfrysking' troch Tabe Beintema fan Naaykens syn 'Pampoeseke'. Undertitel: 'Hoe't kolonel Valère it libben der ôfbrocht'. It stik spilet earne yn de súdlike Nederlannen yn ’e s...
1969 - It doarp wol bistean

Oer de problematyk fan in doarp. Foaroanmannen besykje elk op eigen wize in oplossing te finen om it doarp nei in nije takomst te lieden.
1968 - Heibel yn Hylpen

In frije bewurking fan Goldini's 'Baruffe Chiozotte'. De húshâldings fan de fiskers Abe en Gerke meitsje rûzje om neat. De stedsrjochter wurdt ynskeakele. It drama einiget mei houliken oer en wer.
1967 - De helt fan Waterloo

It kluchtige stik spilet yn 'e simmer fan 1815, in wykmannich nei't Napoleon by Waterloo de genedeslach tabrocht waard. In ferearme ealman besiket yn better dwaan te kommen troch syn beide dochters oan in rike man te k...
1966 - Don Quichot op 'e brulloft fan Kamacho

Don Quichot, de doarmjende ridder, beskermet de swakke en striidt tsjin ûnrjocht. Nei it boek fan Miguel de Cervantes.
1965 - Tûkelteammen om Amor

Foar haadpersoanen Francesca en Alberto bringt de leafde in protte tûkelteammen mei. In fleurich, lichtfuottich stik
1964 - Dundo Maroje

Yn Rome hâldt om 1550 hinne in jonge keapmanssoan ta dy’t troch syn deune heit, Dundo Maroje út Dubrovnik, mei 5000 dukaten op reis stjoerd is om hannel te dwaan. Hy makket alles op by in kreaze cour...
1963 - Fanfarella, of: Hjir is noait hwat to rêdden

Fryske bewurking: Tabe Beintema. It stik spilet yn in lyts Italjaansk doarpke, yn 'e jierren dat der noch duellearre waard en fammen yn in kleaster stoppe waarden om fan 'e leafde ôfholpen te wurden. It oars sa r...
1962 - In dream yn 'e simmer

Undertitel: Symfony yn grien majeur. In romantysk mearke, mei assosjaasjes nei Shakespeare. Nynke en Eelco binne op fakânsje en dreame har in mearkelân. De feeën roppe Nynke út ta keninginne fan...
1961 - De spylman fan it roekefeest

Skreaun yn opdracht fan de Kultuerrie Baerderadiel. De striid om it gemeentehûs tusken de Weidumers en de Mantgumers. In stik Baerderadielster histoarje, om 1900 hinne.
1960 - It doarp wol bistean

Oer de problematyk fan in doarp yn dy tiid. Foaroanmannen besykje elk op eigen wize in oplossing te finen om it doarp nei in nije takomst te lieden.
1959 - It singelier geheim

In stik oer it boere- en arbeiderslibben yn sân tafrielen. Mei in ferbeane leafde en de yntrige fan de twa stellene geiten.
1958 - 1) De útdrager; 2) De seinekeapman

1) In sjongspul oer in hanneler yn twaddehânsguod, it wol en wee fan syn húshâlding mei fjouwer soannen en fjouwer dochters en net te ferjitten syn heit dy’t de toutsjes noch altyd yn ’e hannen hat. 2) Oer de me...
1957 - De rike skoaijer

In stikje fantasije nei in motyf fan de bruorren Grimm. In jonge fint ferkwânselet him foar sân jier oan de kweade, dy’t him opleit om salang it burd stean te litten en him net te waskjen.
1956 - Fokke Hoara

Neffens de roman 'De Hoara's fan Hastings' fan Simke Kloosterman. It is it ferhaal fan de Hoara’s, rike boeren út de Wâlden om Twizel hinne. Fokke liket earst syn heit Wychman net te folgjen yn bygelyks syn sucht n...
1955 - (Seerp fan Galama)

Yn 1955 kaam it net safier dat der wer in stik opfierd waard yn de notaristún. De spilers moasten útwike nei Mantgum en dêr waard op 5 maaie in nij histoarjestik brocht, 'Seerp fan Galama'. It stik wie yn opdracht f...
1954 - De klokken fan Jorwert

De skiednis fan Jorwert en it ûntstean fan de tsjerke yn de alfde ieu yn fjirtjin tafrielen. De fal en it fieren fan de weropbou fan de toer.
Skiednis
Hjir fynst in oersjoch fan stikken, foto's en knipsels út de skiednis fan it Iepenloftspul Jorwert. De kommende tiid wurdt wurke oan it fierder digitaal meitsjen fan ús argyf en it oanfuljen fan dit diel fan de website. Hast materiaal of in moai ferhaal dat de muoite wurdich wêze kin foar ús argyf? Lit it ús witte!
De ynstoarten toer, dêr't alles mei begûn is.
Wolle jo wat sykje yn de skiednis
fan it Iepenloftspul dan kinne jo hjir telâne.