ynformaasje
Al of net trochgean fan in foarstelling
Wannear’t in foarstelling net trochgiet, wurdt dat dyselde jûns tusken 18.00 en 19.00 oere bekend makke op dizze webside. De kaarten binne dan jildich op de reservejûn. Giet ek op dy jûn de foarstelling net troch, dan binne de kaarten jildich op de twadde reservejûn. Sjoch foar de oanfangstiid fan de foarstelling op jo kaarten.
Ek iten besteld? Dat giet altyd troch om 18.00 oere.

Advysleeftyd
De foarstelling fan dit jier hat in advysleeftyd fan 12 jier en âlder.

Yn 'e rolstoel? Min hearrend?
Komst yn 'e rolstoel? Jou it even oan fia info@iepenloftspuljorwert.nl. Wy hawwe in beheind oantal rolstoelplakken per jûn en begeliede dy graach.
Hearst wat minder? Wy hawwe de jûn trije koptelefoans beskikber, dan hearst it lûd direkt út de mikrofoantsjes fan de spilers. In koptelefoan reservearje? Ek dat regelest mei in mailtsje nei info@iepenloftspuljorwert.nl.

Noch in moaiere jûn? Earst ite en dan teater sjen
Ast de jûn kompleet meitsje wolst, dan kinst earst ite by Emke Dijkstra yn it Jorwerter kafee, Het Wapen van Baarderadeel. It iten is dit jier direkt te bestellen by it keapjen fan de kaartsjes, online op dizze webside of op wurkdagen fan 19.00 oant 20.00 oere op de kaartferkeaptelefoan: 06-25521318, en kostet € 23,75 per persoan. As de foarstelling net trochgiet, giet it iten wol troch om 18.00 oere.

Freon wurde?
Freonen krije 10% (€ 2,50 per kaart) koarting op de reguliere kaartpriis, foar maksimaal 10 persoanen. Freonen ûntfange in poster. Freon wurde kostet € 25,- per jier. Oant je opsizze bliuwe je lid. Freon wurde kin by it bestellen fan kaarten of mail nei info@iepenloftspuljorwert.nl.
Kontakt
Stifting Iepenloftspul Jorwert
Redbadwei 1,
9023 AT Jorwert
info@iepenloftspuljorwert.nl
Kaarten binne fanof 3 july op wurkdagen tusken 19.00 en 20.00 oere ek te keap fia 06-25521318