kaarten

Fan de earste claus:

Moandei 4 septimber

Fan de earste claus: Eddy Girard, Eddy Girard, ... oant syn lêste: Mannen, as ik nerveus bin, dan sit der in stik minder slinger oan..., wie Sjoerd van Beem ien brok beweging en enerzjy. Ek mei syn handikap nei it ûngemak mei de trekker, hiene eins allinne ynsiders yn de gaten, dat er net sa funksjonearje koe as er sels graach woe. It gong wer hieltyd better en no ynienen, op dizze rûzige sneintejûn, betearde it dochs noch mis. Nei de bokjesprong yn de slotsêne moast er troch de reek de kûlissen yn, nei de ehbo, nei de dokter. De skouderbonke (sleutelbeen) is stikken en de dokter hat him absolute rêst oplein. En sa is syn slotjûn wol hiel hookstrooks kommen. Rekkenje mar dat er dêr sels fierwei it measte lêst fan hat. Wy winskje him sterkte en betterskip! Oan in oplossing foar de foarstelling wurdt drok wurke, the show must go on, mar mei al dy klean, en de yngewikkelde logistyk falt dat net ta.

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert