kaarten

De Kloklieder fan Nij Daam

Freed 15 febrewaris

De Kloklieder fan Nij Daam

Yn 1953, dit jier 60 jier lyn, waard yn it lytse Fryske doarpke Jorwert in iepenloftspul organisearre. Mei dit iepenloftspul, ‘De Klokken fan Jorwert’, waard elkenien betanke dy’t (finansjeel) holpen hie de toer fan de Jorwerter tsjerke wer op te bouwen nei’t dy yn 1951 nei ûnderen kaam wie. 

Notaris Van der Hem stelde genereus syn tún ta beskikking, net wittende dat ek syn soan 60 jier letter de helte fan syn tún de helte fan jier 'kwyt' is oan it Iepenloftspul... 

Yn 2013 fiert it Iepenloftspul fan Jorwert har 60-jierrich jubileum mei it stik ‘De Kloklieder fan Nij Daam’; in stik dat rûkt oan it ferline, mar priuwt nei it hjoeddeistige Iepenloftspul Jorwert. It stik past yn de no populêre rige Skandinavyske trillers: ûnderhûdse spanning, moard en geheimen. 

It stik spilet him ôf yn it trochsnee Fryske doarpke Nij Daam. Ien kear yn de fiif jier fiere se dêr in grut lustrumfeest, wêrfan’t de organisaasje alle kearen wer yn hannen is fan lju dy’t alle toutsjes altyd yn hannen hawwe. Elkenien skikt him, oant lykwols de bysûndere Esmee har yn it doarp nei wenjen set. Sy komt oan de ynsliten gewoanten en giet tsjin de festige oarder fan it doarp yn. 

En dat bringt nochal wat teweech: elk rekket op syn of har eigen wize fan streek fan de nije frou, en mear as ien man wurdt ek nochris fereale op har. As healwei it ferhaal de triedden byelkoar komme, reitsje dy yn 'e tiis. Ien fan de manlju wurdt op brute wize fermoarde. Alles wiist derop dat Esmee it dien hat – seker om’t se fan de ierdboaiem ferdwûn liket. Mar is se wol sa fier fuort? En is se wol de dieder? En wat is krekt de rol fan de spastyske jongen yn it doarp en fan syn styfheit, de dûmny? 


De Kloklieder fan Nij Daam giet yn premjêre op sneon 24 augustus. 
Fierder wurdt it stik spile op 30 en 31 augustus en 6, 7, 12, 13, 14, 19, 20 en 21 septimber. De kaartferkeap (€ 21,- it stik) set útein op sneon 1 juny op www.iepenloftspuljorwert.nl.

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert