de parren

By de parrebeam treffe wy inoar

It Iepenloftspul Jorwert is in begryp yn it Fryske kultuerlânskip. Mei in skiednis fan mear as 60 jier is Iepenloftspul Jorwert it âldste iepenloftspul fan Fryslân en in foarbyld foar in protte oare iepenloftspullen. Hûnderttûzenen besikers ha de kuier nei de notaristún al makke. De lêste jierren sels 8000 per jier. Mannich teater soe der jaloersk op wêze.

Iepenloftspul Jorwert hat him as doel steld om alle jierren ferrassend én fernijend te wêzen. De stikken dy't brocht wurde toane lef, stikken mei in boadskip, foar in breed publyk. Dat is ús ambysje. Dêrby spilet it smûke en it fertroude fan de doarpsomjouwing in wichtige rol.  Entûsjaste frijwilligers út Jorwert en de omlizzende doarpen binne alle jierren wer ree om te helpen by alderhanne wurksumheden. En mei de spilers, dy't it bêste út harsels nei boppen helje, en in goed rinnend produksjeteam wol it Iepenloftspul Jorwert hjir noch jierren mei trochgean.   

‘Par’ wurde

Om dizze ambysje te realisearjen rjochte it hjoeddeistige bestjoer fan Iepenloftspul Jorwert in saaklike netwurkgroep op: ‘De Parren’. Tegearre mei in oantal ûndernimmers dy't it Iepenloftspul Jorwert in waarm hert tadrage, is in konsept betocht. Dizze ûndernimmers binne de earste ‘Parren’ en trede op as ambassadeurs fan it Iepenloftspul Jorwert. 

De kern fan ‘De Parren’ bestiet út: 
Rients Schuddebeurs, Rabobank 
Durk-Jorrit van der Eems, Drukkerij Van der Eems
Piebe Haaima, Autobedrijf Haaima
Lize Bakker, Mannen van Staal
Jan van Zanden, Priore, accountants en belastingadviseurs
Atje Deinum, Wierda Design
Harry Kaspers, Kaspers/Schingenga, Makelaars/Adviseurs, foarsitter Iepenloftspul Jorwert

Sy hawwe har as taak steld om nije Parren oan te bringen. Elke ‘Par’ is frij it ‘par(tner)skip nei eigen ynsjoch yn te foljen, salang't it mar in saaklik karakter hat. Ek politisy binne fan herten wolkom. 

Ek par wurde? Mail nei info@iepenloftspuljorwert.nl.