kaarten

Wêr komt The Full Monty wei (2)

Tongersdei 31 augustus

Wêr komt The Full Monty wei (ferfolch fan 29-8) Alle neamde opsjes binne grif te fier socht, mar der binne twa dy't safolle oangripingspunten hawwe, dat wy se serieus besjen moatte: 1. Fjildmaarskalk Montgomery, generaal Montgomery yn de oarloch, hie yn elts gefal de bynamme Monty. Der is sels in film mei de titel I Was Monty's Double. Dizze generaal stie derom bekend, dat er net begjinne koe sûnder it komplete Ingelske breakfast, fan bacon and eggs oant en mei de cup of tea ta. Al wie er op fjildtocht yn de woastyn, hy hold it dekoarum yn eare. Dus seine soldaten nei de oarloch moarns: Ik gean foar de full monty. De útdrukking is yn elts gefal yn dy betsjutting brûkt yn weirestaurants yn de fyftiger jierren yn Ingelân. Mar miskien noch wierskynliker is: 2. It kleanfabryk fan Montague Burton, oprjochte yn 1903, fan 1913 ôf mei it haadkertier yn Sheffield (dêr't ús stik ommers ek spilet!) en dat, mei 500 winkels yn 1929, mear as in fjirde part fan alle Ingelske unifoarmen yn WO II levere en in tredde fan alle demobilisaasjepakken. Bekend genôch dus. De firma hie in basispak fan in broek en in kolbert, mar foar in lyts bedrach ekstra krigen je in festje en in reservebroek derby. En dat betsjutte, dat je giene foar de full monty! Hjir ha wy de ferbining mei Noard-Ingelân, dêr't de term it earst opdûkte, en it giet oer klean. Wa wit is it wol troch de film út 1997, dat de term the full monty de by ús brûkte, omkearde betsjutting fêstlein hat. Hy is der yn elts gefal troch yn it wurdboek kommen.

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert