kaarten

Hoe liket it?

Snein 3 septimber

Rein kertier foar alven It beslút om al dan net te spyljen moat om fiif oere hinne nommen wurde. Wat kinne je dan noch oeren nei de loft rinne te sjen. Hoe liket it? Sil de foarspelde rein al komme, of laket it waar ús út en bliuwt it dochs droech? Wel, justerjûn like it dêr lang op, it waaide hieltyd hurder, dat it hie moai rûzich west yn de tún, mar wol droech. Oan kertier foar alven ta. Sa yn de plysjeburosêne, skat ik yn, sloegen de snjitters jin om de earen. Hê, hê. Kin je je deljaan. Oant de oare moarns, dy't in reinige snein belooft, mar wol droechte tsjin de jûntiid. Dêr hâlde wy se oan.

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert