De lûden fan de nacht

Sneon 9 septimber

Op sa'n stille jûn komme de lûden fan de nacht troch. Sommige binne dúdlik: de tsien oere klok, trein fan healwei alven. Mar wat wie dat wat jankende, skuorrende lûd yn de fierte oer it fjild? Der siet in sekere regelmaat yn, it wie ek wolris eefkes fuort of ús muzyk oerstimde it, mar yn de folgjende stille passaazje wie it der wer dúdlik. Sommigen tochten dat it by it lûdsdekor hearde en dat wie hielendal net sa'n gek idee. Want sa't Dave him op it poadium yn de foly wikkele, sa waarden op it lân de kuilpakken yn plestik bewuolle. It is krekt as hâldt it waar op de bedriuwsjûn him oan de op en delgong yn de ekonomy. In pear jier lyn noch siet it bedriuwslibben yn tsjok waar en doe wie it krekt op de bedriuwsjûn hast alle kearen min waar. By Utblaasd moast er sels twa kear fersetten wurde. En no't de lânshúshâlding wer aardich op stoom komt, ha wy al in pear jier prachtich waar foar ús gasten.

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert