kaarten

ôfskie mei ekstra autentyk aksint.

Freed 22 septimber

Nei al de prachtige jierren dêr't er him as regisseur dan wer de Belgyske kening by Tijl Ulespegel, dan wer opperboskwachter fan Arkadië (Midsimmer-nachtdream), dan wer fiskerijkonsulint foar de hiele Sudersee (Op hoop fan Segen) neame mocht, beslút Romke Toering syn yndrukwekkende searje Jorwert iepenloftspullen as stoker fan de stielproduksje. Noch ien jûn feroaret de tún yn in heechoven dêr't it erts (en it âld rust!) oanfjurre wurdt oant der Hot metal fan de heechste kwaliteit foar it ljocht komt. Dat er ditkear sels, krekt as alle (film)regisseurs dy't wat te melden ha trouwens, in lyts roltsje meispilet (sprekstim yn de propagandafilm foar Sheffield 25 jier lyn) jout dit ôfskie in ekstra autentyk aksint.

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert