Jo steane op it punt om kaarten foar de bedriuwsjûn te keapjen. Dankewol dêrfoar. De bedriuwsjûn is de jûn foar ús sponsoren: de oanwêzige bedriuwen betelje wat mear foar in kaartsje (€ 65,- exkl. btw) en krije neist in foarstelling ek in hapke iten yn de pauze en nei ôfrin, in drankje en in moai wolkom. Fan de kaartpriis giet it grutste part nei it Iepenloftspul, sadat jo as keaper fan in bedriuwsjûnkaart it Iepenloftspul finansjeel stypje. Om oan te jaan dat de bedriuwen of organisaasjes dy't kaarten keapje foar de bedriuwsjûn ús finansjeel stypje, wurde harren nammen neamd op ús webside en yn it programmaboekje.
|