kaarten

Slotjûn yn styl ta beslút fan Alles út

Snein 15 oktober

 Op de boppeseal fan it Wapen van Baarderadeel wiene alle spilers en omtrint elkenien oars dy't meiwurke hie, noch ien kear by elkoar om in punt te setten achter in memorabel seizoen. De iene is al wer dwaande mei de folgjende produksje, de oare is de enerzjy út de foarstelling noch lang net kwyt; de iene kin de hiele dvd al oan, hat miskien sels al nei de filmferzje sjoen in wike lyn, de oare leit de skyfkes earst yn de kast en sjocht der oer in pear moanne pas nei, mar foar elk jildt: it hat moai west, dizze reis! Johannes Adema (dit jier 80 wurden, 53 jier foar it Iepenloftspul yn it spier) krige fan de bouploech in prachtich beskildere molkbus, oan de iene kant de ynstoarten toer dêr't it allegearre mei begûn, oan de oare kant de tsjerke wer yn folle gloarje sa't er der no bystiet, Romke Toering krige ta beslút in reissjek foar takom jier en in unyk boekje (oplage 1 eksimplaar) mei tachtich siden oantinkens en ferhalen fan spilers en meiwurkers út syn rike histoarje. Mei in rynske (welvoorziene) dis (mei de weareld oan rikke iel, levere troch Teake Oosterbos!), in hilarysk sketske fan twa âldere fans fan Jerry, begelaat troch in Belgyske sjonger (soe de fakbûnsman dan dochs trochbrutsen wêze yn de sjobusiness?), in echte dûnsfoarstelling troch trije toanielspylsters, de alderlêste notes fan Romke, in ynspirearre praatsje fan foarsitter Jan van der Weij en de dûnsmuzyk fan it kombo waard dizze waarme neisimmer weardich ôfsletten. O ja, wa't fan de meiwurkers noch in dvd mei in gouden keal-kandidaat film fan de foarstelling ha wol, kin eefkes kontakt opnimme mei Wybo, dy't ek noch oan in pear shirts komme kin, en foar de foto-cd mei mear as 700 foto's én de digitale knipselkrante kin belle of maild wurde mei marja@dattekstbureau.nl. Elkenien bedankt foar de bydragen oan dizze site, it wie fan 't jier û.o. mei de rubryk Út 'e tinte en dy hiele eigen Hot Metal-site bepaald sa't ynternet bedoeld is. Oant 2007, Jan en Marja Schotanus.

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert