kaarten

Opjage sebra

Woansdei 20 septimber

'Hjoed ha 'k de hiele dei it gefoel fan in sebra, dy't opjage wurdt troch in roedel wolven,' sei ien fan de spilers oan it begjin fan de frouljusjûn. Mear as sânhûndert froulju byinoar op de tribune, hoe komt dat? Wel, wy hiene fansels al oefene, trije wike lyn mei de froulju fan de soarchgroep Plantein, mar dat wie dochs oars, dy hiene in reiske... Dit wie de echte testcase foar Hot Metal. De spanning rûn sa heech op, dat yn de rin fan de dei in nije website iepene waard, hotmetal.nl, om de reaksjes yn goede banen te lieden. Noch gjin healoere yn de loft en de server lei plat! Koartsein, optimale omstannichheden foar in bysûndere jûn. De inkele man dy't beropsmjittich yn de tún wêze moast, paste him oan en gong as frou ferklaaid, yn in jurk, al hiene de measte froulju (uteraard dizze jûn) de broek oan. It ferskil mei oare jûnen: de desibellen gongen geregeld troch it plafond, Eddy hat noch noait safolle byfal krigen as er seit dat hy wól foar de full monty giet, der fleagen stikjes tekstyl troch de reek, mar ek wiene der in protte memmen yn de tún, dy't geregeld lûdop meifielden mei de underdog.

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert