Toanielbewurking fan de film 'Brassed Off' fan Paul Allen. Mei in folsleine brassband ûnder lieding fan Andries de Haan. It stik spilet yn Yorkshire, begjin njoggentiger jierren. De iene nei de oare myn giet ticht. Gjin myn, gjin wurk, gjin middenstân en ek gjin brassband mear. De dirigint lit it der net by sitte. Syn band wint de heale finale yn Halifax en mei meidwaan oan de finale yn de Royal Albert Hall yn Londen. Dêr lit de band noch ien kear op in emosjonele wize syn lûd hearre, mei in dirigint dy't it net lang mear meitsje sil, om't er de longen fol koalegrús hat.
Hjirûnder fine jo in oersjoch fan de meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert.
Besjoch meiwurkers
(Foar fragen oer kaarten kinne jo fan 14 july 2025 ôf op wurkdagen tusken 19.00 en 20.00 oere belje mei 06-25521318)