kaarten

Wybo Smids

Tiisdei 28 augustus

Wybo Smids - Út de tinte... miskien is út de isolear wol mear fan tapassing. Ik bin Lenny, ik kweek tomaten... dêr bin ik gek op! Hoe dat sa komt? Ja, goeie fraach. Ik sit al in moai skoft op sel 8 yn Long Rudford, sa'n lytse 12 jier alwer. De earste jierren koe ik my aardich fernuverje mei de oare gefangenen, mar der komme hieltyd mear agressiven. Ik kin der net goed mei oerwei. Der knakt wat yn mei as ik rûzje sjoch. Ik siet op in gegeven momint mear yn de isolear as yn myn sel. Nei in goed petear mei de direktrise en Annabel hawwe we besletten dat ik mar tomaten kweke moast. Ik kin my dêr oeren en oeren mei fernuverje. It jout rêst en troch myn fanatisme om de perfekte tomaat te kweken krij ik mear wille yn myn libben. Annabel is in pracht fanke. As der ien oan Annabel komt, komt er oan my. Ik sjoch har faaks rinnen yn de gefangenis en se hat altyd ynteresse yn myn tomaten. De bewaking fan de gefangenis is tryst. Hast Perry oan de iene kant. In hufter earste klasse. En Barrat, dy't wol aardich liket, rint wat efter him oan en doart net yn te gripen. Perry hat it op in pear minsken fersjoen yn de gefangenis, en ik bin der wis fan dat dat noch ris út de hân rint. Barrat sit oan myn tomaten en as er dan ien pikt, rinne se gnizend fuort. Ja, ik knak wolris. Fierders haw ik tige nei ’t sin yn L.R. Foaral de musikal, dat fyn ik machtich om te dwaan. Ik mei de sinne wêze, ik mei oer de minsken in sweve... my echt even útleve. As ik dan nei de repetysjes jûns wer mei myn tomaten praat, dan binne we it der mei ús allen oer iens dat it libben noch net sa hiele min is hjir. En salang’t Annabel wat foar my soarget en ik mei myn buorlju (Darren en Roger) opsjitte kin, sit ik myn tiid wol út. Mar earst mar efkes in moaie musikal yn mekoar sette.

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert