Einlings kinne wy jo fertelle wat wy dit jier op'e planken bringe:
Iepenloftspul Jorwert spilet ‘WESTWURD 1944’
Yn Westwurd 1944 sjogge wy de lêste oarlochswinter yn it lytse Fryske plakje Westwurd troch de eagen fan de 21 - jierrige Tetty. Sy bedarret by tafal yn it ferset en moat ynienen beslute oer libben en dea. Yn in tiid dat je net witte wa’t je echt fertrouwe kinne, giet se oer besluten en karren dêr’t se yn de basis te jong foar is, mar as sy it net docht, wa dan? Sûnder derfoar oplieden te wêzen, blykt se in útsûnderlik talint te hawwen foar it wurk by de ûndergrûnske beweging. Op de eftergrûn sjogge wy in kontinue stream flechtlingen, minsken út it Westen op syk nei in hapke iten. Oan de ein, as de Dútsers beslute om Westwurd te ûntromjen, driigje de doarpsbewenners hûs en hiem achterlittend sels ek oanslute te moatten by de flechtlingen. In stream dy’t noch altyd, ek yn it no, trochgiet.
En de kaartferkeap foar WESTWURD 19 is fan no ôf iepen. Klik hjir om jo kaarten te bestellen!