Top tút!

Freed 31 augustus

Top tút! Om healwei fiven reinde it sa fûl, dat Remko Smids yn ienkear dweiltrochwiet wie, foardat er de hiele tribune ôf komme koe om te skûljen, en René Koster hoegde de mikrofoan mar by de râne fan de tinte te hâlden om in spektakulêr lûdsdekor foar syn fraachpetear mei Immie Jonkman, de saaklik lieder, te hawwen. Hoe komt it mei de premiêre? It liket dramatysk. Mar dan bringt Piet Paulusma útkomst: de buien binne hast oer, yn Harns skynt de sinne al en jûn komt it hielendal goed. It kin oangean! Hy hâldt wurd, om acht oere is it prima waar, en net heal sa kâld as tiisdeitejûn mei de try-out. Ynsjonge, de slotsêne noch eefkes wer goed yn sêne sette, in lêste searje notes fan regisseur Tjerk en de gefangenen wurde de sellen yn stjoerd. Lit it publyk mar komme. Dat komt, dat sjocht, en Jorwert wint, of, om mei Nelson te sprekken: De dei is goed ferrûn. Alles kloppe, der waard spile by it leven, de technyk wurke oan it lytste kanontsje ta, en sa koe de foarstelling útgroeie ta in ferruklike finzenisfoarstelling mei as ûnferwacht (letterlik) hichtepunt in tút op it dak, dy't in iepen doekje krige. Om mei de direkteur te sprekken: toaniel op heech nivo! En no de oare alve foarstellingen noch!

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert