Sûnt sneon 6 juny binne de akteurs fan SWYN! einlings nei bûten ferhuze foar de repetysjes yn de Notaristún. En dat wie fuort te merken! Mei it moaie waar, de prachtige lokaasje en in protte entûsjasme waard der mei folle enerzjy oefene.
Nei alle repetysjes binnen is it no tiid om de foarstelling echt ta libben komme te litten op it plak dêr't alles tenei barre sil.
De kommende wiken wurdt der noch flink repeteard oant de simmerstop ta!