kaarten

Spesjale Minne-jûn

Tongersdei 9 augustus

Spesjale Minne-jûn

Wy noegje graach alle manlju dy’t Minne hjitte út foar de premjêre fan de foarstelling De Goede, de Minne en de Lillike. Foar de earste 5 Minnes dy’t harren melde lizze der 2 frijkaarten klear. De oare Minnes kinne mei in koarting fan 5 euro nei de premjêre op sneon 1 septimber. Yn it stik is de Minne in cowboy dy’t de oertreffende trep fan gemienens is. En wy noegje  graach manlju dy’t Minne hjite út om yn ‘e kunde te kommen mei harren nammegenoat op it poadium.

 

De Goede, de Minne en de Lillike is in komysk stik oer de leafde, ferjilding, eare en habsucht. It stik ferhaalt oer it eigen iepenloftspul dat in western spilet. We sjogge de spilers yn de repetysje, de try-out en yn de foarstelling. En dan docht bliken dat de rollen foar de skermen wol hiel ticht by de akteurs komme dy't de karakters spylje. De Goede, de Minne en de Lillike fjochtsje yn de western om de hân fan priveespeurder Maria. Dizze striid giet lykwols efter de skermen troch en soarget foar de nedige hilaryske en miskien ek wol pynlike situaasjes. Want: is dy kûgel yn it pistoal no echt of net? Ha we hjir te krijen mei in crime passionel yn it stik of dochs ek efter de skermen? De Goede, de Minne en de Lillike is basearre op Noises Off, dat earder troch Tryater brocht waard as Wat in Teater.

 

Minnes kinne reagearje fia minne@iepenloftspuljorwert.nl.

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert