kaarten

Repetysjeympresje fan oersetter Jan Schotanus

Freed 23 july

Repetysjeympresje fan oersetter Jan Schotanus


De lêste repetysje foar de fakânsje, de klean wurde past, noch net alles is der mar it measte al, de smink oefenet de earste streken en op it grutte poadium nimt regisseur Tjerk Kooistra noch in pear sênes troch. 

It reint lichtlik, mar ûnder de grutte woartelnút bliuwt it lang droech. "Wannear dogge wy wer in stik mei húskes, dan koene wy no lekker even yn 'e hûs krûpe", ornearret Helmuth. Dit toaniel is it echte iepenloftspul, ûngenedich, in part fan it omsittend laach hat beskerming, mar it feest rint de kâns om flink yn it wetter te fallen. Der wurdt nei de loft sjoen, griis, griis... "Hâldt it wol wer op jûn?" freget de spullieder.

Ik seach niis in pear gatten yn it westen, seit in belutsen taskôger. Gatten op de buienradar? is de earste wederfraach. Safier binne wy dus, wylst it fytsendewei noch krekt justjes makliker is om de buien yn real time te besjen, as fia buienradar.nl. Ha, ha, ja, moai, komt goed, laket de motor fan dizze beweging.
It wurdt in memorabele repetysje, want de hiele jûn bliuwt it droech en nei ôfrin hearre wy hoe't Spanje mei 1-0 fan Dútslân wûn hat en dus snein ús tsjinstanner wurdt, wat oan de Dútske seremoanjemaster Helmuth in ynholden "Verdammt noch mal..." ûntlokket, dit koe der ek noch wol by. As ien ding dúdlik is, dan is it, dat hy it net maklik hat op dit feest. Aldergeloks hat er in moai nustje Witzen ta syn foldwaan en wit er de gong der hieltyd wer yn te krijen. En gong sit der al yn, want ûnder it lûd fan strânljippen en ûlen, en in inkelde blaf fan in buerthûn giselet it personeel de boarden foar de gasten as follearde jongleurs de feestseal yn, en se komme stik foar stik heel op tafel te stean.

Op deselde wize as de boarden giselje de emoasjes en spanningen yn de rûnte yn de oars sa serene notaristún. It wurdt dúdlik, net alles is wat it liket en út en troch skuorret, skrynt en skrabet de foarstelling, om dochs út te kommen by in nij startpunt, dêr't it ynienen liket te gean om de fraach oft stokbôle yn it Frânsk no pain is of baguette, of miskien wol flute of sels ficelle. 

Om dat út te finen is it no de heechste tiid om op fakânsje te gean (Frankryk foar de measten...) en even stil te stean by wat der al berikt is. Yn augustus kin it dan fol fertrouwen de tried wer oppakke!
 
Jan Schotanus
© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert