kaarten

Oprop foar alle (âld)-meiwurkers

Freed 30 juny

Oprop foar alle (âld)-meiwurkers

Oprop foar alle (âld)-meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert.

Sa't jimme witte, besteane wy dit jier 70 jier. En dêr wolle we op sneon 15 july in pear oeren by stilstean. Hjirfoar nûgje wy dy fan herte út!

Wy ‘traktearje’ jim dy jûn op in wiere talkshow ûnder lieding fan Geartsje de Vries en Gaiske Meinsma. Yn Jorwert Inside sjogge we mei ferskillende tafelgasten út it (resinte) ferline werom nei benammen alles wat om de stikken hinne plakfûn hat. Mei muzyk út 70 jier Iepenloftspul Jorwert en fansels ûnder it genot fan in hapke en drankje yn it dekôr fan it Iepenloftspul yn de Notaristún.

Komst ek? Jou dy dan op fia info@iepenloftspuljorwert.nl

Programma:
20.00 oere - stek iepen
20.45-22.15 oere - talkshow
22.15 oere - neisit yn de tún

Omdat wy net fan alle âld-meiwurkers gegevens hawwe dêr't wy se op berikke kinne, wolle wy jim freegje dit berjocht safolle mooglik te dielen ûnder alle âld-meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert. En ferjit jim net op te jaan!

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert