kaarten

Oan alles komt ein...en in nij begjin

Woansdei 29 septimber

Oan alles komt ein...en in nij begjin

Nei in heal jier yn de tún oan 'e gong west te hawwen is der in ein kommen oan dit prachtige iepenloftspul.
Wat hawwe we in protte praten oer it stik, dingen besocht en meinammen mei alle noazen yn de selde rjochting keihurd oan it wurk west.
Snein is de technyk al ferdwûn ut de tún en fan tiisdei 28 septimber ôf is de bouploech wer yn aksje, je witte wol, de mannen dy’t jo de plakjes op de tribunes wize.
De earste skroefmasjines galmden al om 8 oere fannemoarn troch de tún. Noch in wike en alles is fuort.
No neigenietsje en plannen meitsje foar oar jier. We hawwe der nocht oan en hoopje jim dan allegearre wer te sjen.
Hâld ús side yn de gaten foar nijs of meld jo oan foar de nijsbrief, dan witte je altyd alles as earste!!
© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert