kaarten

Nije media - Kollum Tjerk Kooistra

Sneon 21 augustus

Nije media - Kollum Tjerk Kooistra

Om trije oere middeis krige ik it earste smske dy sneon: Jûn de film Festen op televyzje. Men wit dat wy yn Jorwert in bewurking fan dy film spylje en fynt it nedich dat ik dy film koart foar de premiere noch even sjen moat.

Oardel oere letter stiet der ien foar de doar mei de meidieling dat jûn dy film derfoar is dy't wy yn Jorwert spylje. Myn reaksje dat ik dy film al kin, stelt de frou yn kwestje teloar. De mûlhoeken dale fier ûnder NAP. 'Mar dochs wol betanke', besykje ik dochs hoop- en leafdefol te einigjen. Dat docht ús stik ek. Fandêr.

Nei it iten makket myn telefoan oeroeren. As ik op de bank yn sliep fal trillet myn mobyl 2,3 op de skaal fan Richter. Allegearre minsken mei itselde boadskip: Jûn Festen, Nederlân 2. Oan 'e ein fan de jûn is de slotsom: Santjin sms'kes, acht mailtsjes, fjouwer krabbels op Hyves, fiif tweets, trije telefoantsjes en twa kear besite oan 'e doar.

Earst fûn ik it mar raar dat elk my witte litte moast dat dy film derfoar wie, mar mear en mear krige ik der in goed gefoel by. Fansels kin ik de film, sels út de holle. Sterker: ik kin him yn it Frysk. Mar blykber attindearret men elkoar graach op it bestean fan de film. En dat is net samar. Festen is de muoite wurdich en ús bewurking net minder.

Ik hoopje dat alle minsken fia de ferskate middels deselde reklame meitsje as de hype dy't der dy iene sneon rûnom my wie. En eins rekkenje we dêr wol wat op. It Feest wurdt in bysûndere foarstelling, dêr't wy it ferhaal fan de film behâlden hawwe, mar de minsken oar as yn de film mear minsk wêze litte.

Foarhinne wie de rop út de tún de mûnlinge reklame. No fertelt ynternet, mail, sms en Twitter de earste ferhalen. En as ik dy media as folgje, liket it goed te kommen. Ien oere, sms'ke: moaie film en ik hearde dat it by jim oars mar ek machtich wurdt'. Leve de nije media.
© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert