kaarten

Meie wy jim foarstelle: Sheriff Boozy

Freed 24 augustus

Meie wy jim foarstelle: Sheriff Boozy

Yn 'e rige 'meie wy jim foarstelle?' hjoed: Sheriff Boozy. Sheriff Boozy wurdt spile troch Bouwe de Bos (Douwe de Bildt).

Sheriff Boozy is in te aardige sheriff dy’t mear slokjes nimt as boeven fangt. Hy is te âld, te traach en te ambysjeleas foar syn taak. Of der moatte froulju yn it spul wêze, dan is alles oars.

De rol fan sheriff wurdt spile troch Bouwe de Bos, dy’t al foar de fjirtichste kear meidocht oan it Iepenloftspul Jorwert. Hy hinget lykwols yn it ferline en sjocht gjin ambysje mear yn de hjoeddeiske stikken ‘sûnder karakterrollen’. 

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert