Meie wy jim foarstelle: Maria Hari

Moandei 27 augustus

Meie wy jim foarstelle: Maria Hari

 Yn 'e rige 'meie wy jim foarstelle?' hjoed: Maria Hari. Maria Hari wurdt spile troch Victoria van Vuuren (Adriana von Bannisseht).

Maria Hari is geheim aginte. Fanwege har skientme komt se wol hiel ticht by de manlju dy’t har yn fertrouwen allegear ynformaasje jouwe. Sy stiet op it punt om de binde fan de Minne te pakken. 

Victoria is eins gjin amateurspiler mear, omdat se nei de simmer profesjoneel yn in produksje yn Amsterdam spilet. Sy seit dat se it lykwols hearlik fynt om tusken de amateurkes te aktearjen. Mar aktearret se, of spilet se in spultsje mei de oaren?

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert