Meie wy jim foarstelle: Jill Boozy

Snein 26 augustus

Meie wy jim foarstelle: Jill Boozy

Yn 'e rige 'meie wy jim foarstelle?' hjoed: Jill Boozy. Jill Boozy wurdt spile troch Brecht Dekker (Doete Stenekes).

 

Jill Boozy is de dochter fan Monica Saloonsky. Jill is op syk nei in cowboy, mar om't se net de meast snoade is, bedarret se hieltyd yn hannen fan de ferkearde manlju.

Brecht is de dochter fan Jelly en docht as aktrise alles sa’t ôfpraat is. Se tinkt der net fierder oer nei. Tinken is ek net echt har ding. Se hat troud west mei Folkert, mar hat de pylken no, krekt as har mem, rjochte op de regisseur.

 

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert