kaarten

Making of... de kostúms

Woansdei 17 augustus

Making of... de kostúms

Al foar it tredde jier is Dianne Bonnema de kostúmûntwerpster foar it Iepenloftspul Jorwert. Foar Bohemia hawwe har kostúms rockynfloeden. Dan komme je al gau út by lear. En wêr fine je in protte lear? Op bankstellen.

Dianne fûn de moaiste 'stoffen' op de sitmeubels: glêd, sêft, of just wat raffelich. By minsken thús, op it stoart en yn saken foar twaddehâns spul. Se brûkte sels it lear fan har eigen bank. Mar faaks it moaitste lear, of yn alle gefallen bysûnder, is de donkergriene beklaaiing fan de âlde Steatenbankjes út it eardere Provinsjehûs. Oerbleaun nei de sloop, mar no ferwurke ta kostúms foar de muzikanten. 

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert