Jongereinprojekt: Dit binne wy!

Freed 23 augustus

Jongereinprojekt: Dit binne wy!

Under de titel 'dit binne wy' meitsje de jongerein fan Jorwert dit jier harren eigen teatrale rûte troch it doarp. Yn it ramt fan it jubileumjier fan it Iepenloftspul meitsje we dit jier net allinich teater yn de Notaristún (it no), mar sjogge we ek nei de takomst (de jongerein). Yn Jorwert is in tige aktive groep jongerein tusken de 8 en 20 jier. Mar se binne amper ûnderdiel fan it Iepenloftspul. En dat is spitich, want se groeie der mei op en se binne ús meiwurkers en besikers fan de takomst. Dêrom bringe we dit jier de jongerein yn dekunde mei de bysûndere wrâld fan it teater. De jongeren meitsje harren eigen teater, oer wat sy fertelle wolle, wat sy de wrâld witte litte wolle. Se dogge dat ûnder rezjy fan Rozemarijn Strubbe en yn gearwurking mei Tryater yn it ramt fan it Paradys.

Mei de jongerein wurdt it folsleine trajekt fan teatermeitsjen ôflein. Fan it betinken fan wat je wolle (ek yn gearwurking mei Tamara Schoppert), dat omsette nei teater, leare oer hoe’t teater wurket, mar ek bouwe, ûntwerpe, organisearje, spylje en muzyk meitsje. Alle fasetten komme foarby yn de oanrin nei de teatrale tour dy’t de jongerein straks yn septimber presintearje.
 
It risseltaat is in teatrale rûte troch it doarp, fan dûns en sang, oant fideo en byldzjende keunst en teater. De rûte rint troch it doarp en lit jo, de besiker, sjen hoe't de jongerein harren sels sjogge, mar ek hoe't se jo sjogge en hoe't it doarp der yn harren eagen or 60 jier útsjen moatte soe. Jo kinne de rûte folgje foar de útfiering fan De Kloklieder fan Nij Daam, dat duorret ûngefear 20 oant 30 minuten. Kom dus op tiid nei Jorwert!
 
Op sneon 24, freed 30 augustus, freed 6 en 13 septimber wurde stikjes fan de rúte oefene (try out). Op 20 septimber is de try out fan de folsleine rûte en op sneon 21 septimber is dan de foarstelling. Allegear foarôfgeand oan De Kloklieder fan Nij Daam. Yn koarten komt de rûte op dizze webside te stean.
 
Under nijs/foto's fine jo foto's fan de jongerein drok dwaande mei de tariedings.
 
 
© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert