kaarten

Jongerein socht

Freed 30 juny

Jongerein socht

Foar #Maten, it Iepenloftspul Jorwert fan 2023, sykje wy noch in pear jongeren om ús tiim nei de simmer te fersterkjen.

De rol
It dekôr bestiet dit jier út seis grutte, ridende tuorren. Dat wurdt in machtich byld. Mar om se ride litte te kinnen, hawwe wy jongerein nedich.
Wy sykje noch in pear jongeren dy’t ús helpe wolle om troch it stik hinne de tuorren te ferpleatsen en hjir en dêr ek op oare mominten op te kommen.

Dyn rol

  • Do bist in triuwer en meastal achter de skermen.
  • Do helpst de spilers mei it klearsetten fan oare dingen of klean.
  • Do bist mei de triuwers in tiim ûnder lieding fan Rixt Siderius.
  • En dêrmei hearsto, krekt as al ús spilers en meiwurkers, by it tiim fan it Iepenloftspul Jorwert.


Fierder

  • Do bist fan 10 augustus ôf dy hiele moanne geregeld beskikber op jûntiden en sneonen oerdei. (Woansdeis en sneins frij.)
  • Wy sykje in tiim dat in bytsje grutter is, sadat we hjir en dêr wat wikselje kinne.
  • Do bist yn de moanne septimber beskikber foar de útfieringen.
  • Do kinst sels yn Jorwert komme.

Liket it dy wat om dizze simmer it Iepenloftspul fan wol hiel tichtby mei te meitsjen en ús dat lêste triuwke te jaan? Jou dy dan gau op fia: info@iepenloftspuljorwert.nl.

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert