It waar....

Sneon 5 septimber

It waar....

It kin foarkomme dat wy om it waar net spylje kinne, lykas freed 4 septimber. Eltse dei,wurdt der, wannear nedich, tusken 5 en 6 oere oerlein (ek mei de waarman) oer it waar fan dy jûn. At it mar heal kin, dan wolle we spylje! Mar at it spitichernôch net kin, dan wurdt de foarstelling ferpleatst nei de earste reservedatum (sjoch 'foarstellingsdata' of jo kaartsje). At it waar wat ûnstabyl of min is, dan meitsje we dat bekend om 6 oere hinne op ús webside. De minsken fan wa't we in email-adres ha, stjoere we dan ek in berjocht. Ek joue we it troch oan Omrop Fryslân, mar it kin wêze dat de Omrop it net meinimme kin, fanwege harren tiid.
© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert