Hoop en leafde - Kollum Tjerk Kooistra

Freed 9 july

Hoop en leafde - Kollum Tjerk Kooistra

Soms oerkomt it my. Net hiel faak en eins noait as der oaren yn de buert binne, mar dochs fielt it wat genant, miskien sels wat selsynommen. Nee, ik kin wolris samar yn laitsjen útbarste en lûd kreten derút raze. Gewoan om't der wat slagget en it je even foar de wyn giet. Puer gelok yn de foarm fan primitive lûden. 

Wy meitsje op it stuit in bewurking fan de Deenske film Festen en sûnder optimistysk te wêzen: dat giet net ûnaardich. Wy lizze mear as op skema en de ûntwikkeling fan it stik, de spilers en de beleving giet noch hieltyd troch. It ferhaal giet oer in famylje, in feest en in dramatysk geheim dat noait ferteld is, om't se net sokke praters binne. Hoewol't de problemen ûnoplosber lykje en alles fêst liket te sitten bliuwt der altyd ergens hoop en leafde. En meinammen dat binne de kearnwurden yn ús bewurking: hoop en leafde. Dêrom bin ik ek sa bliid dat dat der no al útkomt. Miskien wol wat te bliid. 

Want lêsten op myn fytske werom út Jorwert hie ik wer sa'n momint fan barbaarsk brullen. De repetysje wie wer slagge en wy wienen sadwaande wer in stap fierder. Ik koe it net litte en healwei raasde ik ûndefiniearbere oerkreten de waarme jûnslucht yn. Op dat stuit passearret my in man (tenminste, dat hoopje ik). Hielendal noait sjoen. Stom. Ik tink der even oan dat it miskien wolris goed is om je net te úterjen, mar yn deselde tel beslút ik it omkearde. Op myn lûdst tetter ik der in 'YEAH! út. De man freget my oft it wol goed giet. Goed? It giet fantastysk! En soms meie je dat wol sizze. Dochs? 

Kollum troch Tjerk Kooistra yn Op ‘e Skille, 8 july 2010
© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert