kaarten

Gouden Gurbe foar Oane, nominaasje foar Lieuwe

Moandei 8 oktober

Gouden Gurbe foar Oane, nominaasje foar Lieuwe

By de útrikking fan de Gouden Gurbes yn De Harmonie op sneintejûn 7 oktober hat Oane Swart in Gouden Gurbe foar de bêste byrol krigen foar syn rol as Marius de Boer yn De Goede, de Minne en de Lillike. Ek fan dit plak ôf wolle wy Oane fan herte lokwinskje mei dizze ûnderskieding, dy't hy as beskieden akteur, dy't himsels net op 'e foargrûn set mar in tige wichtich oandiel yn de sfear, de groep en de produksje hat, dik fertsjinne hat. En troch syn rol as baas bouploech strielet dizze Gurbe fansels ek foar ús bouploech!

Dêrneist wie der in nominaasje foar de Gouden Gurbe foar bêste haadrol foar Lieuwe Tolsma. Ek dêr binne lokwinsken op syn plak, want as debutant yn Jorwert, ek noch út Arum, hat hy derfoar soarge dat wy him én Arum allegear in bytsje yn ús hert sletten hawwe.

Ut it sjueryrapport:

Nominaasje foar de Gouden Gurbe foar de bêste byrol:

OANE SWART YN DE GOEDE, DE MINNE EN DE LILLIKE, JORWERT – Marius de Boer, baas fan de bouploech, sûffleur en fersoarger fan de rekwisiten, naam jin hielendal foar him yn. Oertsjûgjend as manusje-fan-alles dat it belije moat yn de drokte fan de akteurs om him hinne, dy’t der in geweldige púnheap fan meitsje.

Nominaasje foar de Gouden Gurbe foar de bêste haadrol:

LIEUWE TOLSMA YN DE GOEDE, DE MINNE EN DE LILLIKE, JORWERT – De stille fan de fjouwer stoere cowboys. Syn kapasiteiten wurden troch syn kollega’s net nei wearde skatten, om’t er nij by it selskip is en út Arum komt. Mar Tolsma lit him der nea of bringe troch alle drokte en gedoch om him hinne.

En wer mochten wy dus in ekstra passazjier meinimme yn 'e bus werom nei Jorwert, en wer wie it dus noch lang ûnrêstich yn en om it kafee... 

Lês hjir it komplete sjueryrapport. Foto's fan de útrikking folgje!

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert