kaarten

Gouden Gurbe foar de muzyk fan Bohemia!

Snein 9 oktober

Gouden Gurbe foar de muzyk fan Bohemia!

No't it lûd fan it slotfeest wer wat delbêde is hjir yn Jorwert wolle wy jim graach fertelle dat wy in Gouden Gurbe meinimme mochten nei hûs! De sjuery hat Jorwert beleane mei in Gouden Gurbe foar de muzyk yn Bohemia. En dêrmei dus Jorrit Laverman! Ut it sjueryrapport: De saneamde ekstra Gouden Gurbe wurdt takend oan Jorwert, foar de muzyk yn Bohemia. En dan ek alles wat dêr mei te meitsjen hat: De band, de koperblazers, de arrangeminten, it lûd, de suverheid, de treflike fertolking fan de lieten van Bram Vermeulen troch Wybo Smids, de moaie Fryske oersettings fan Jan Schotanus.

Lês hjir it komplete sjueryrapport.

Sjoch hjir nei de útstjoering fan K-rûte mei dêryn de útrikking fan de Gouden Gurbes.

 

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert