Gouden Gurbe foar bêste haadrol foar Sjoukje

Tiisdei 14 oktober

Gouden Gurbe foar bêste haadrol foar Sjoukje

Freed 10 oktober waarden yn Theater Sneek de Gouden Gurbes foar de iepenloftspullen útrikt. It wie in geweldige show, dy't foar it earst live te folgjen wie op Omrop Fryslân.

Wy binne tige grutsk om hjir melde te kinnen dat Sjoukje Minkema de Gouden Gurbe foar de bêste haadrol yn'e wacht sleept hat. Fan herte lokwinske Sjoukje!!!

Dêrneist wie Sjoerd van Beem nominearre foar de bêste byrol en wie Westwurd1944 nominearre as bêste foarstelling. Al mei al in prachtich resultaat, dêr't wy mei grutskens op werom sjen meie. Fia dizze link kinne jo it sjueryrapport fan alle iepenloftspullen weromfine.

Wy wolle op dit plak al ús frijwilligers, it publyk en de doarpsbewenners hertlik betankje foar de prachtige perioade dy't wy wer mei-inoar belibbe hawwe!

© Copyright 2025 - Iepenloftspul Jorwert