kaarten

Foarstelling fan 21 septimber gie net troch

Tongersdei 21 septimber

Spitigernôch hawwe wy beslute moatten dat de foarstelling fan 21 septimber wer net trochgean kin, fanwege de te ferwachtsjen reinfal.

De foarstelling sil no op de twadde reservejûn, te witten snein 24 septimber o.s., ynhelle wurde.

Jo mail mei de unike koade(s) kinne jo dan wer brûke om jo kaarten op te heljen. Mochten jo ûnferwachte net kinne, dan riede wy jo oan om jo kaarten oan te bieden op ús fraach en oanbod side op ús website. Spitigernôch kinne wy de kaarten net weromnimme.

Wy sjogge jo graach no snein by de foarstelling #Maten.

P.s. As jo jo kaarten trochferkocht hawwe, soene jo dan dit berjocht trochstjoere wolle nei de keaper fan jo kaarten?

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert