Foar de wyn

Tongersdei 20 septimber

Foar de wyn - yn de wyn It spande der noch om juster, oft de foarstelling trochgean koe, want de berjochten, berjochten... Mar ja, it is mei berjochten krekt as mei geruchten, binne se no wier of net? Nei yntinsyf oerlis mei Piet Paulusma koe it dochs oan gean. Hielendal droech bleau it net, mar wy koene trochspylje, op in lytse hapering nei (dy't mei applaus fan it publyk beëinige waard!) even yn it twadde bedriuw op. Mei dizze hurde súdwester hiene de spilers foar de wyn, mar dat hold automatysk yn, dat it publyk yn de wyn hie! Foar de akteurs lestich, omdat se it lûd fan de tribune hast net hearre koene. Dat lûd wie der wol deeglik, de lju wiene der goed by! Iepenloftspul! Wat de finzenis oanbelanget, ik tink dat sherrif Joe Arpaio fan Maricopa County yn Arizona, USA (sjoch nijs fan 18 aug.) it wol wat oars oanpakt hawwe soe: yn Jorwert sitte de inmates noflik yn de lijte yn de sel, wylst it personiel en de direksje yn de wynderige wachttoer de eleminten treast wêze moatte!

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert