kaarten

Emiel Adema:

Woansdei 29 augustus

Emiel Adema: Dêr giet myn libben no... foar ús en Jorwert Yn july brekt foar ús iepenloftspul meastentiids de fakânsje oan. Yn sa'n earste wike frij bist bliid wer ris oan dy dingen ta te kommen dêrst al lang net mear de tiid foar hiest. Úteinlik... yn de fjouwer wiken dy't dêrop folgje begjinst hieltyd mear tsjin dysels, it thúsfront en dyn omjouwing (ofwol dyn libben) te sizzen dat de drokte fan Jorwert dit jier wol wat tafalt. It 'kroechhingjen' is dit jier dan wol wat earder begûn as oare jierren, mar ja, de (kroech)ploech fan foarich jier wie hast noch yntakt en dan is it krekt of wie 'juster' de lêste kear. Mar fierders foel de drokte ta. Foar myn gefoel mar in pear sneonen, en wat binne no trije jûnen yn in wike... hast noch fjouwer oer om oare dingen te plannen. Úteinlik komt ek oan 'e fakânsje in ein en eltsenien sammelt him wer yn 'e tún, om, krekt as alle jierren, de ferrassings fan in dekor dat foar in hiel grut part klear is, ta him te nimmen. Fuortendaliks trije dagen efter elkoar repeteare en dan is it ek krekt wer as wie de fakânsje neat mear as in wike. Dêrnei brekt in perioade oan mei fiif repetysjes yn 'e wike wêrby allinnich de woansdeitejûn in frije jûn is, mar omdat dat de ienige jûn is dêr’t wat op pland wurde kin is ek dy jûn meastal beset. Krekt as op it toaniel wurdt yn dizze perioade ek nei in hichtepunt tawurke... drok, drokker, drokst. Dat wie ôfrûne wike, de wike foarôfgeand oan de Jorwerterjûn, mei sneon as letterlik brekpunt! Freedtejûn in 'latertje' yn 'e tún. Dan nei ien pilske (dat moat gewoan...) nei hûs en oare moarns om 09.15 oere wer yn 'e tún. Repeteare... repeteare... 'cue-to-cue' (wer in term út 'e nijmoadrige...), ite en wer repeteare. Úteinlik om 16.30 oere klear, nei hûs en 18.00 oere wer nei de arena... mei úteinlik resultaat in goed delsetten stik. Better koe op dat stuit net. Ik stel mysels sa foar dat in hurdfytser yn 'e Tour de France itselde fiele moat. Hiele dei hurd wurkje om in top te berikken, flak foar de einstreek noch in stikje 'vals plat', mar dan noch efkes in col fan 'e bûtenkategory om ferfolgens yn in keurige tiid binnen te kommen. Gelokkich... snein even hielendal neat... Koe ek net, want de stim wie fuort, de holle wie wat swier (dochs wer dat iene pilske?) en de enerzjymeter stie yn 't read. Moarn soe it wer gean! De lêste wike mei repetysjes brekt oan... de ein komt en hja kin mei net bystean

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert