kaarten

Ein... en op nei 2013!

Snein 23 septimber

Ein... en op nei 2013!

Man, man, man, man... man...  Wat ha wy in moaie foarstellings hân. Publyk: tankewol foar jim laitsjen, foar jim gesellichheid; stipers: tank foar jim stipe. Wy ha genoaten en wy hoopje jim ek. De notaristún wurdt de kommende wiken leechhelle en giet yn de wintersliep. Wy lykwols net, want we sille folop fierder mei ús tariedings foar 2013, ús jubileumjier. 60 jier Iepenloftspul Jorwert wolle we net samar foarbygean litte, dus jim hearre gau wer fan ús. Nochris tank foar in prachtich en bysûnder seizoen!

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert