kaarten

Dizze wike wer folop repeteard

Tiisdei 3 july

Moandeitejûn Nei in pear dagen rêst fanwege de Jorwerter merke (Wy hiene har graach wat better waar gund!) wurdt der dizze wike wer folop repeteard, foardat tongersdei de fakânsje begjint. Hjoed is foar it earst de oergongsmuzyk derby. Clara Rullmann en Peter van der Zwaag sitte sels noch oan de knoppen om alles teplak te krijen. Mac the Black, it nûmer út de musical The Pirate, dêr't de direkteur Mortimer sa wiis mei is, moat fan in âlde Judy Garland-plaat komme. Aldergeloks blike der op ynternet ek legaal de weareld oan muzykjes te finen. En fierder is de nije jas foar de webside klear; de earste klean wurde al past yn de tún; it waar hâldt him de hiele jûn goed en it gasteboek is wer iepen! Jorwert skeakelet yn in hegere fersnelling.

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert