Spitigernôch hawwe wy beslute moatten dat de foarstelling fan 8 septimber net trochgean kin, fanwege de te ferwachtsjen grutte reinfal.
De foarstelling sil no op de earste reservejûn, te witten tongersdei 10 septimber o.s., ynhelle wurde. Jo mail mei de QR-koade kin tongersdei wer brûkt wurde.
Iters
De minsken dy’t by it bestellen fan de kaarten ek it Iepenloftmenu besteld hawwe, wurde fan’e jûn fanôf 18:00 oere wol ferwachte by Café Het Wapen van Baarderadeel. De ynkeap en tariedingen foar it menu binne nammentlik al yn folle gong.
Wy begripe hiel goed dat it miskien net ideaal is om twa kear yn ien wike nei Jorwert te reizgjen. Mar leau ús: it Iepenloftmenu is de ekstra rit mear as de muoite wurdich! Wy sjogge de iters fan’e jûn graach by Het Wapen fan Baarderadeel.
Mochten jo ûnferwachte net kinne, dan riede wy jo oan om jo kaarten oan te bieden op ús fraach en oanbod side op ús website. Spitigernôch kinne wy de kaarten net weromnimme.
Wy sjogge jo graach no tongersdei by de foarstelling SWYN!