Audysjes foar 4 spilers

Freed 15 febrewaris

Audysjes foar 4 spilers

Foar fjouwer rollen yn it Iepenloftspul fan dit jier wurde audysjes hâlden. Der wurde trije spilers fan ûnder de 25 jier (1 man, 2 froulju) en 1 spiler fan 55 jier of âlder (frou) socht. Foar alle rollen jildt datst ûnderfining hawwe moatst mei spyljen, ridlik oant goed Fryske prate kinst en fansels de tiid hast foar de repetysjes en de foarstellingen. 


• Mick is in enerzjike, sportive en oanwêzige jonge tusken de 17 en 25 jier. Hy is in jonge dy’t de wrâld ûntdekke wol en net fiis fan famkes is. 

• Cecile is in frou fan ûngefear 25 jier. Sy komt út in goed miljeu en sil trouwe mei de stoere Ap, oant der in oare frou yn it spul komt. 

• Wytske is it puberfamke fan it doarp. Wit noch net wa’t se is en wat se wol. Se wol yn alle gefallen net yn it doarp wenjen bliuwe. Foar dizze rol sykje we immen fan tusken de 16 en 20 jier.

• Wendela is in leave, âldere frou dy’t slim siik is en elk momint in pleechsoan en man efterlitte sil. 

De audysjes binne op snein 3 maart. Oanmelde kin hjir, foar 25 febrewaris  De repetysjes fine earst twa à trije kear yn ‘e wike plak fan ein maart ôf. Letter wurdt dat in jûn mear yn ‘e wike. Op uterlik tongersdei 28 febrewaris heart elk dy't him oanmelden hat of hy of sy útnoege wurdt foar de audysjes of net. 

 

 

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert