kaarten

Allegearre tomaten

Tongersdei 6 septimber

Allegearre tomaten Rekwisiten kinne in foarstelling meitsje en brekke. Dat merke de mannen yn de gefangenis ek, as se de lêste seeslach fan Nelson, by Trafalgar, op de planken bringe moatte. Nelson is rekke, en dan moat der in tomaat komme, om it bloed sjen te litten. Allinne, dy tomaat moat dan wol ryp wêze, oars falt it net ta om dêr in straal bloed út te persen! Justerjûn wie er wer perfekt, en dan is it effekt maksimaal! Lenny hie op syn jierdei (Hoefolle jierdeis soe er noch yn de gefangenis fiere moatte?) de bêste tomaat útsocht. Hy helpt Jimmy wol faker. No't wy it dochs oer read hawwe, Bertus Mulder, de Fryske kandidaat foar it partijfoarsitterskip fan de PvdA, hat de kommende wiken in drok beset program. Dochs komt er tuskentroch wol nei Jorwert ta, neffens de Ljouwerter fan woansdei. (Sjoch knipsels.)

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert