Op 11 july krigen wy in lytse 100 meiwurkers/oanhing yn'e Notaristún.
Sy waarden traktearre op in tal moaie muzikale mominten út de foarstelling, dêr't spilers, koar en dûnsers oant no ta mei dwaande west hawwe. De oanwêzigen wiene bot ûnder de yndruk en sjogge dan ek bot út nei it einresultaat.