Trailer it feest




In (op)teken(jend)e reaksje
Basearre op in telefoanpetear as reaksje op de foarstelling. Optekene troch de regisseur. Hy hie dy jûns oanbean om de ôfwask te dwaan. En dat hie er noch noait dien. Sawol it oanbod net as de ôfwask. Goed: Ien kear moast hy it wol dwaan doe’t sy mei in blinetermûntstekking yn it sikehûs lei. Wylst h...
 
  

12 septimber: túnpreek mei Ds. A. Kobus
It is in moaie tradysje, passend by it Iepenloftspul, de Túnpreek yn de tiid fan it Iepenloftspul. No snein 12 septimber om 10.00 oere mei as foargonger Ds. A. Kobus. Mear ynformaasje op www.jorwert.nl....
 
  

Reinde it dan? Neat fan fernommen - Op 'e Skille
Hinne Bokma fan Op 'e Skille wie by de premiere en die ferslach. Dweiltrochwiet diene de spilers fan Jorwert wat der fan harren ferwachte waard. Spylje. En hoe. Wat in talint dêr yn de notaristún. Wat in aksje. Oardel oere lang sieten de minsken op it puntsje fan de stoel. Reinde it? Neat fan fernommen. Pas nei ôfrin fan de...
 
  

Lyryk en de stikjesskriuwer- Kollum Tjerk Kooistra
Prachtige, lyryske, superlative reaksjes nei de earste trije foarstellingen. En soms lytse  krityk. Prima. Elk mei syn miening hawwe en elk in werwurd. It gasteboek op ús site is in aardich medium foar mieningen.   Tagelyk fûn ik op Twitter de opmerking ’De waarman en de resinsint sieten der freeslik neist&rsquo...
 
  

It Feest yn de K-Rûte
Jûn, woansdei 1 septimber,  sil der yn de útstjoering fan K-Rûte (Omrop Fryslân) oandacht wêze foar it Iepenloftspul Jorwert. Op de premjere binne der bylden makke en interviews holden. Woansdeitejûn te sjen om 17.17, 18.30, 19.30 of nei woansdei 1 septimber fia de útstjoering mist-webside...
 
  

Ekstra foarstellings op 22 en 24 september!
'It Feest' is in grut sukses...Alle foarstellings binne útferkocht. Dêrom is besletten om twa ekstra foarstellings te spyljen. En wol op woansdei 22 en freed 24 september. De kaartferkeap is útein setten! At je kaarten kocht ha, mar it past jo net mear op dy jûn, dan kinne jo de kaarten besykje te ruiljen fia ús...
 
  

Jorwert yn ’e rein; feest foar it each
It Iepenloftspul fan Jorwert hat dit jier keazen foar in bewurking fan de film Festen fan de Deen Thomas Vinterberg. In kar dy oanjout dat se yn Jorwert lef ha. En dat is moai. As je gjin hichtefrees hawwe, falle je ek minder gau. De film giet oer in famyljegearkomste yn ferbân mei de 65e jierdei fan in heit. Feest soene je sizze, mar neat i...
 
  

De befrijende krêft fan reinwetter
It waard dochs net hielendal droech yn Jorwert, op de jûn fan de premiere. Maar der waard spile. En hoe. Mei't de slúzen boppe de tún iepen gienen, joegen de spilers der noch in toskje by. Under it motto 'wiet binne we no dochs al' waarden de drippen út 'e loft spile, mei as hichtepunt in daverjende feestsêne d&ecir...

Noch kaarten foar 1, 8 of 15 septimber!
Nei de bysûndere en prachtige premjêre fan juster giet it noch rapper mei de kaartferkeap!  Wolle jo noch wol nei It Feest, dan binne der noch in pear kaarten foar de foarstellings op 1, 8, 11 of 15 septimber. Mar wês der dus gau by!...
 
  

Iepenloftspul Jorwert op 'e radio
Regisseur Tjerk Kooistra en spiler Wiebe Koldyk binne fannemoarn (woansdei 25 augustus) te gast yn it radioprogramma Omnium, fan 11.00 oant 12.00 oere op Omrop Fryslân radio. En ek op 3FM kaam it Iepenloftspul Jorwert foarby: Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma neamde It Feest yn syn ferhaal oer de nije marketing-...
 
  

Op 'e nij jûnen útferkocht
It giet hurd mei de kaarten foar It Feest. 28 augustus, 3, 17 en 18 september binne no ek útferkocht!
 
  

Nije media - Kollum Tjerk Kooistra
Om trije oere middeis krige ik it earste smske dy sneon: Jûn de film Festen op televyzje. Men wit dat wy yn Jorwert in bewurking fan dy film spylje en fynt it nedich dat ik dy film koart foar de premiere noch even sjen moat. Oardel oere letter stiet der ien foar de doar mei de meidieling dat jûn dy film derfoar is dy't wy yn Jorwert ...
 
  

Trailer It Feest

Klik hjir foar de trailer fan It Feest. De trailer is makke troch Sito Wijngaarden.

 
  

Media yn 'e tún
Ferskate media hawwe de ôfrûne wike yn de Notaristún sjoen. Sa skreau Wim Vervoort yn de LC: 'Het zijn nog de repetities, een week voor de premiere, maar één ding is duidelijk: 'It Feest' grijpt je als toeschouwer bij de strot. En als speler net zo zeer'. Klik op 'lês mear' foar de links nei artikels en i...
 
  

Kaarten ruilje?
Jo ha jo kaarten kocht foar It Feest, mar no docht bliken dat de datum dochs net de meast geskikte is? Kaarten ruilje kin fan no ôf fia dizze webside. Jo kinne jo kaarten oanbiede en freegje om kaarten foar de jûn fan jo kar. Sjoch ûnder 'kaarten ruilje'.  ...
 
  

Noch oardel wike oant de premiêre...
De repetysjes op de moaie simmerjûnen yn de Notaristún fleane om. Dêrmei komt de premiêre fan 'It Feest' ek hieltyd tichterby. Sjoch foar in ympresje fan de repetysje fan 12 augustus by de foto's....

Doazen - Kollum Tjerk Kooistra
De lêste wiken fiel ik my wat ûntheemd. Hast fan de iene op de oare dei koe ik ferhúzje fan Weidum-Noard nei Weidum-Haven. Dochs himelsbreed in ferskil fan mar leafst 200 meter.  Mar no't ik oer bin, bin ik noch net hielendal te plak. Mei twa húzen fielt it nije noch as in fakânsjehúske, mar dan te t...
 
  

Premiere útferkocht!
De premiêre fan ‘It Feest’ is útferkocht. Alle kaarten foar de foarstelling fan 26 augustus binne fuort! Ek de kaartferkeap foar de oare foarstellings rint hurd. Noch kaarten bestelle? Dat kin snel fia 'kaartferkeap' op dizze webside. De foarstellings fine plak fan 26 augustus oant en mei 18 septimber.     ...
 
  

Technyk arrivearre yn 'e tún
De fakânsje foar de spilers is hast alwer oer. No freed (6 augustus) sette se wer útein mei de repetysjes. En dat kin dan mei it echte ljocht en lûd! Want sa't we yn ús lêste nijsbrief al skreaunen, ek yn de fakansje wurdt der yn de tún drok wurde. Sa binne de jongens fan de technyk dizze wike útei...

Simmerwurk: dekôrbou
It Iepenloftspul Jorwert hat al jierren in trouwe bouploech. Ek dit jier binne de mannen by heechsimmer wer drok oan it wurk, dit jier foar it dekôr foar 'It Feest'. En ek de tribune stiet al! ...

Repetysjeympresje fan oersetter Jan Schotanus
De lêste repetysje foar de fakânsje, de klean wurde past, noch net alles is der mar it measte al, de smink oefenet de earste streken en op it grutte poadium nimt regisseur Tjerk Kooistra noch in pear sênes troch.  It reint lichtlik, mar ûnder de grutte woartelnút bliuwt it lang droech. "Wannear dogge wy w...
 
  

Iten en teater
Jorwert hat in prachtich âld kafee, Het Wapen van Baarderadeel. It kafee leit oan 'e yngong fan de Notaristún, dêr't it Iepenloftspul spile wurdt. Wat is der moaier as earst te iten yn it smûke kafee, of faaks sels yn 'e jûnssinne op it terras, om dêrnei mei de tafelgenoaten in pear stappen t...
 
  

Hoop en leafde - Kollum Tjerk Kooistra
Soms oerkomt it my. Net hiel faak en eins noait as der oaren yn de buert binne, mar dochs fielt it wat genant, miskien sels wat selsynommen. Nee, ik kin wolris samar yn laitsjen útbarste en lûd kreten derút raze. Gewoan om't der wat slagget en it je even foar de wyn giet. Puer gelok yn de foarm fan primitive lûden.&nb...
 
  

Simmer yn de Notaristún
De spilers en meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert dompelje harren nei de trochrin fan justerjûn ûnder yn de fakânsje. Sjoch by de foto's foar in ympresje fan de trochrin.  Mar it wurk leit net stil: de bouploech sil fan't simmer noch oant fervjen, de kaartferkeap giet troch (online en op wurkdagen fan 19.00 oant 21.00 ...

Iepenloftspul Jorwert yn NRC Next

Ofrûne moanne joech NRC Next in oersjoch fan iepenloftspullen- en teaters troch hiel it lân. Ek Iepenloftspul Jorwert waard neamd.

 
  

Nije repetysjefoto's
Sjoch by it kopke 'foto's' foar nije repetysjefoto's.
 
  

De kaartferkeap is los!
Ek dit jier binne kaarten foar it Iepenloftspul Jorwert wer ienfâldich te bestellen fia dizze webside. De foarferkeap is op 1 juny úteinsetten. Sjoch by kaartferkeap yn de linkerkolom op dizze side om drekt te bestellen! Leaver telefoanysk bestelle? It Iepenloftspul Jorwert is op wurkdagen tusken 19.00 en 21.00 oere ek te berikken...
 
  

Foto's earste bûtenrepetysjes
Fotografen Guus van de Sande en Anne Margot Stapert leinen de earste bûtenrepetysjes yn de Notaristún fêst. Sjoch by de foto's foar harren ympresjes!
 
  

In nij iepenloftspulseizoen en nije media
In nij Iepenloftspulseizoen, in nij stik, nije spilers, in nij jaske foar de website! De foarstelllings fine plak fan 26 augustus oant en mei 18 septimber, de kaartferkeap set útein op 1 juny. Folgje de ûntwikkelings rûn It Feest ek op Twitter en Hyves....
 
  


 
RABOBANK
ELKIEN