1985 - Sirkus Knie

It stik giet oer de noeden en de soargen fan de lytse sirkusbaas Karl Knie, dy't yn it begjin fan de 20e ieu tsjin de stream fan it opkommend bioskoopfertier oproeie moat. It sirkus hat grutte skulden en foar syn artysten is der amper noch droech brea te fertsjinjen. As syn dochter Katrine, dy't in grut talint hat, it sirkus yn 'e steek lit, is dat in grutte klap. Mar nei in jier komt se werom.