1955 - (Seerp fan Galama)

Yn 1955 kaam it net safier dat der wer in stik opfierd waard yn de notaristún. De spilers moasten útwike nei Mantgum en dęr waard op 5 maaie in nij histoarjestik brocht, 'Seerp fan Galama'. It stik wie yn opdracht fan de Kulturele Ried troch Roel Oostra skreaun en tsjinne om de tsiende befrijingsdei te betinken. Dy't no dwers wol en sis dat dit jier yn Jorwert dus noch mar foar de njoggenenfjirtichste kear in stik spile wurdt, moat eefkes wiisd wurde op it jier 1958. Doe binne der nammentlik op ien jűn twa stikken útfierd, 'De seinekeapman' fan Ype Poortinga en Barend van der Veen en 'De útdrager' fan Douwe Kiestra. En dęrmei binne de fyftich stikken dan dochs helle.