1979 - Rūzewyntsje

Oarspronklike titel: 'Is liefde blind?' In mearke dat hjir yn in tiid pleatst is dat prinsen yn in helikopter út 'e beam nei ûnderen kamen, riedshearen op 'e motor te jeien gienen, hoftsjinners har tiid ferdienen mei bûltsjeblazen en keninginnen ferlet hienen fan in rike skoansoan. Sa ek Regina, de keninginne fan it Rûpellân. Har dochter Rûzewyntsje moat oan 'e man. En twa hofdames moatte derfoar soargje dat soks yn 'e es komt.