2008 - Jou my wjukken

It Iepenloftspul Jorwert brocht yn 2008 in eigen bewurking fan de populêre film 'As it is in heaven'. 'Jou my wjukken' fertelt it ferhaal fan de grutte Daniël Daréus, fioelist, mar benammen dirigint, dy't op in kearpunt yn syn libben komt. Trochdat hy weromgiet nei syn bertedoarp en by it koar belutsen rekket, bart dêr fan alles. It is krekt as komt it libben fan eltsenien yn in streamfersnelling... De komst fan Daniël by it koar is de katalysator, it koar giet foargoed nije wegen yn. No kin in koar allinne funksjonearje as groep, mar it binne hieltyd yndividuen dy't op wjukken geane, har grinzen ferlizze. Lykas Daniël, dy't syn leafde doart te ferklearjen, en Gabriëlla, dy't har liet sjongt en frij komt fan har man. En dochs foarmet de mienskip fan it koar in prachtige ûndergrûn foar dit meislepende ferhaal fol leafde en dramatyk.