1996 - In Sinterske Opera

Oarspronklike titel: 'Die Dreigroschenoper', basearre op de 17e-ieuske 'Beggar's Opera' fan John Gay. Dizze opera fertelt it ferhaal fan bidlers en dieven yn it Londense Soho. De haadrol is weilein foar dieve-oanfierder Macheath, alias Mac the Knife of Mackie Messer, dy't ek foar moard of ferkrachting net fuortrint. De hel brekt foar him los as er mei Polly Peachum, dochter fan de bidlerskening, trout. As syn skoanheit en mem alles yn it wurk stelle om him opslute te litten, kin sels syn âlde tsjinstmaat, polysjekommissaris Tiger Brown, him net mear rêde.